Jo persoanlike ferbining
Hawwe jo in bysûndere konneksje of in unyk ferhaal oer ien fan ús objekten, gebouwen of wiken? Wy hearre graach fan jo! Jo persoanlike ûnderfinings en ferhalen ferrykje dizze plakken en helpe ús om in rikere skiednis fan Fryslân te meitsjen.
Jo ferhaal taheakje dogge jo sa:
It is hiel ienfâldich: scroll nei ûnder nei de seksje ‘Voorstellen` en klik op `Opmerkingen`. Hjir kinne jo jo ferhaal diele mei ús en oaren, yn de eigen taal. Jo bydrage, oft it no giet om in nostalgysk oantinken, in historysk feit, of in nijsgjirrige anekdoate, is fan ûnskatbere wearde. Jo kinne jo ferhalen yntsjinje oant en mei 17 maart.
Heakje in objekt of bouwurk ta
Misse jo in objekt, gebou of wyk yn ús list? Heakje dizze ta oant en mei 25 febrewaris. Fertel ús wêrom dit objekt spesjaal is foar jo, wa’t de arsjitekt is, it boujier, de lokaasje, en de histoaryske kontekst. Jo lokale kennis is ûnmisber foar ús en helpt in folslein byld fan elk objekt te foarmjen.
It belang fan jo bydrage
Troch jo ferhalen en ynformaasje te dielen, ferrike jo net allinnich it hjoed mar ek de takomst. Takomstige generaasjes kinne begripe wêrom’t ferskate objekten weardefol binne foar de Fryske skiednis. Jo ynsichten binne beskiedend foar it behâld fan de Jonge Fryske monuminten (1965-2000).
Wat sille wy dwaan mei jo bydrage?
Hja kin no en letter weromlêze wêrom’t in objekt weardefol is foar immen en hoe’t dit bydraacht oan de ferhalen fan de Fryske skiednis, it ferhaal fan Fryslân.
Ynspiraasje nedich?
Binne jo op syk nei ynspiraasje? Besjoch de ferhalen fan Ton Hoekstra, Foppe Hemminga en Herman Wesselink, dy hjirûnder har persoanlike ûnderfinings diele. Lit jo ynspirearje troch harren ferhaal en heakje jo eigen unike stim ta oan ús samling.